Omrop Fryslân is op syk nei in haadredakteur

Omrop Fryslân is ien fan de foaroprinnende mediabedriuwen fan Fryslân. Wy binne sichtber oanwêzich yn de provinsje en binne mei ús ferslachjouwing fan alles wat yn Fryslân bart, online, op radio, tv en social media goed te finen. Alles betsjut dat wy nijs, sport, kultuer en eftergrûnen op in ûnôfhinklike wize bringe. Wy binne yn kontakt mei alle ynwenners fan Fryslân; wy prate deselde taal. Dêrnjonken meitsje wy geweldige programma’s foar bern, skoallen en de lanlike tv.

It medialânskip feroaret en de Omrop giet yn dizze feroaringen mei. Foar de takomst is mei meiwurkers fan alle ôfdielingen en stakeholders, in misje en fyzje formulearre. Oan dat plan en de ymplemintaasje dêrfan, wurdt yn de kommende perioade fierder wurke. Om dêr foarm en útfier oan te jaan, sykje wy in krêftige en ferbinende

Haadredakteur

As haadredakteur wurkesto foar de Friezen, wêr’t se ek wenje. Do kinst de Fryske mienskipssin, praatst Frysk en begrypst it Fryske DNA. Do witst hoe’tst de ferskillende doelgroepen berikst mei de media fan de Omrop en bist yn kontakt mei de minsken foar wa’t wy wurkje. Do bist ferantwurdlik foar in gearhingjend gehiel fan programma’s en uteringen op alle platfoarms fan de Omrop.

As haadredakteur wurkest mei Friezen. Do joust lieding oan in redaksje dy’t bestiet út 90 (fêst en freelance) professionals mei in eigen opfetting oer sjoernalistyk en it meitsjen fan programma’s. Fakminsken, dy’t witte wat se wolle. Do biedst kaders en litst dêrnei de meiwurkers frij, do evaluearrest en litst meiwurkers leare, do hast wurdearring foar de wize fan wurkjen út it ferline en bist dúdlik wannear’t it oankomt op wizigingen foar de takomst.
Do liedst de redaksje op in stimulearjende en coachende wize en litst de grutskens en eigenwearde fan de meiwurkers tanimme.

As haadredakteur bist lid fan it MT. Ut dyn ûnderfining wei bepaalst de koers fan de organisaasje mei. Dy koers fertaalst, tegearre mei dyn team, nei de redaksje.
Do bist budzjethâlder foar it redaksjonele diel fan de organisaasje.

As haadredakteur komst te wurkjen by in bysûndere omrop yn in prachtige provinsje. By de Omrop is in protte te dwaan en do kinst yn alle frijheid dyn rol ûntwikkelje. Do dochst dat op in transparante en respektfolle wize, út echte belangstelling wei nei de oar, sykjende nei ferbining mei de provinsje en de meiwurkers.

As haadredakteur krigest in passend lean neffens de “CAO voor het Omroeppersoneel”, skaal K.

Sprekt boppesteande dy oan en werkenst dy yn de wurkwize, sollisitearje dan by Omrop Fryslân!

Stjoer dyn sollisitaasje foar 8 septimber oankommend nei Fokelina de Boer, P&O adviseur, fia fokelina.deboer@omropfryslan.nl

Foar neiere ynformaasje oer dizze funksje kinst kontakt opnimme mei Nina Hiddema, Direkteur, 058 2997833.

De earste petearen binne op tongersdei 12 septimber 2019. De telefoanyske útnûgingen foar de petearen binne 10 septimber oankommend.

In assesment kin diel útmeitsje fan de proseduere.